Berichten over Re-integratie

  1. MOA.jpg
    Anita Vellema VK
    Door Anita Vellema op 25 november 2022

    Bydrage ChristenUnie oer jierstikken MOA

    Een Nederlandse versie van deze bijdrage kunt u hieronder downloaden.

    Maatskiplike winst is mei gjin jild te beteljen

    Dit jier bestiet de MOA 5 jier. De ChristenUnie is grutsk op dit wurkbedriew wer eltsenien meidwaan kin. Wat dyn eftergrûn ek is: do hearst derby. It wurk wat hjir dien wurdt is fan waarde foar de mienskip en foar de minsken sels.

    De doelstelling fan de MOA is om mear minsken gelok te bringen, lêze we yn de Feanster. "We zetten mensen voorop en niet het werk" seit directeur Sipko Postma.

    In moaie manier fan sjen nei de mienskip. Want winst mat net altyd oer jild gean, it is ek winst as minsken meidwaan kinne yn de mienskip. It is ek winst as de MOA in útstream fan 20% realisearet. It is ek winst as minsken har wurk as sinfol ervare en tagelyk de mienskip der waardearing foar hat. Dat sjogge we moai werom by it projekt om zwerfafval op te rûmjen en prullenbakken yn it bûtengebiet te leegjen.  It falt ynwenners op dat de gemeente skjinner is en dat is ek winst foar it miljeu. We binne bliid dat ús moasje foar prullenbakken yn it bûtengebiet hjir ek daadwerkelijk wat oplevere hat. Der wurdt goed gebrûk makke fan de prullenbakken en wy ûntfange sinjalen dat der binnen de beboude kom sels wol wat prullenbakken by kinne omdat de prullenbakken die der binne faak oan de kop ta fol sitte. Is de wethâlder der mei bekend?

    Lees verder