Bydrage ChristenUnie oer jierstikken MOA
Een Nederlandse versie van deze bijdrage kunt u hieronder downloaden.
Maatskiplike winst is mei gjin jild te beteljen
Dit jier bestiet de MOA 5 jier. De ChristenUnie is grutsk op dit wurkbedriew wer eltsenien meidwaan kin. Wat dyn eftergrûn ek is: do hearst derby. It wurk wat hjir dien wurdt is fan waarde foar de mienskip en foar de minsken sels.
De doelstelling fan de MOA is om mear minsken gelok te bringen, lêze we yn de Feanster. "We zetten mensen voorop en niet het werk" seit directeur Sipko Postma.
In moaie manier fan sjen nei de mienskip. Want winst mat net altyd oer jild gean, it is ek winst as minsken meidwaan kinne yn de mienskip. It is ek winst as de MOA in útstream fan 20% realisearet. It is ek winst as minsken har wurk as sinfol ervare en tagelyk de mienskip der waardearing foar hat. Dat sjogge we moai werom by it projekt om zwerfafval op te rûmjen en prullenbakken yn it bûtengebiet te leegjen. It falt ynwenners op dat de gemeente skjinner is en dat is ek winst foar it miljeu. We binne bliid dat ús moasje foar prullenbakken yn it bûtengebiet hjir ek daadwerkelijk wat oplevere hat. Der wurdt goed gebrûk makke fan de prullenbakken en wy ûntfange sinjalen dat der binnen de beboude kom sels wol wat prullenbakken by kinne omdat de prullenbakken die der binne faak oan de kop ta fol sitte. Is de wethâlder der mei bekend?
Dat it sosjale effekt fan har wurksumheden ûnbetelber is hat ek de MOA sels goed op de bril, lêze we yn de jierrapportaazje fan 2021 en ik citeer. "Betaald werk biedt perspectief, juist ook aan kwetsbare mensen. Mensen die volwaardig meedoen aan de samenleving, het vermindert de risico’s op schulden en hogere zorgkosten en is daarmee ook een effectief armoedebeleid. Dit is dus een investering die zich dubbel en dwars terugbetaalt."
Mar foarsitter, hjoed lizze de finasjele stikken fan de MOA foar yn de rie en dus matte we it dochs even oer it jild ha. We sjogge in posityf risseltaat oer 2021, wêrfoar ús kompliminten.
Tagelyk wurdt der foar de geactualiseerde begrutting 2022 in ekstra bedrach frege fan € 263.000 en is noch net dúdlik wat de stigende leankosten betekenje foar de begrutting fan 2023. Der sil noch een begruttingswiziging komme as de leanstiging heger útfalt dan de 4% die begrutte is.
Foarsitter it is terjochte dat de minimumleanen stijge. Yn dizze tiid ha minsken genôch moeite om de eintsjes oan inoar te knopen. Der sil wat by matte om te kinne foldwaan oan de doelstelling fan de MOA om mear minsken lok te bringen. Dizze begrutting fine wy derom ek realistysk en yn evenwicht mei de stigende prizen op in protte gebieden die likegoed ek de MOA reitsje.
It advys fan de RVA fan de MOA is echter dat de MOA realistysker begrutte mat en net mei in nulbegrutting wurkje mat. We begripe wol dat je reserveare wolle foar bygelyks ferfangingsinvesteringen as risico’s. Mar hoewol de MOA bestjoert wurdt as in ûndernimming, ha we it hjir dochs oer in mienskiplike regeling fan de gemeente. It wurd foarnamelik finansiert mei mienskipsjild. En de eventuele eksploitaasje tekoarten wurde oanfuld troch de gemeente. Wy sjogge dan ek gjin mearwaarde yn it oanlizzen fan reserves binnen de MOA sels en folgje hjirmei de lijn fan it kolleezje sa as neamt yn it riedsfoarstel.
Wol opmerklik fine we dat blykt ut de beäntwurding fan ús fragen oer de stikken dat de bedragen yn de begruttingen hjir en dêr net hielendal akkuraat oernaam binne, as dat neamde persintages yn de taljochting net oerienkomme mei de werklik begrutte persintages. Mar hawar dat is lyts bier op fierder keurige stikken.
Want fierder binne we as ChristenUnie seer te sprekken oer hoe de MOA har doelen realisearet en midden yn de mienskip stjit, net allinnich mei it oan it wurk helpen fan minsken, mar ek bijvoorbeeld mei it húskeamerprojekt as it projekt moai sûn wer sûnens en ferbining befoardere wurdt en iensumens bestrieden wurdt. We binne benijd of dizze projekten ynmiddels wer opstart binnen nei de koroanaperioade? Hat de wethâlder der ek sicht op?
Foarsitter, wy sille fan herte ynstimme mei de stikken. Want wy ynvestearje graach yn ús mienskip en dat betellet sich dûbel en dwars werom. Yn jild en yn gelok!
Een Nederlandse versie van deze bijdrage kunt u hieronder downloaden.