Bydrage begrutting 2023
Een Nederlandse versie van deze bijdrage kunt u hieronder downloaden
Zet je in voor de bloei van de stad, want de bloei van de stad is ook jullie bloei.
As gefolch fan in net al te ambisjeus kolleezjeakkoard kinne we hjoed ek net sprekke fan in hiel ambisjeuze begrutting. It is in begrutting wer foaral it belied dat fêststeld is yn de foarige perioade trochrint. Fierder binne de oannommen moasjes út de ramtnota keurig ferwurke.
Wêrfoar dank, want de ChristenUnie is bliid dat ús foarstellen ter fersterking fan gesinnen werom te sjen bin yn de begrutting en ek dat de enerzjy coach bliuwt. Seker no de enerzjy prizen troch it dak geane is it goed om as gemeente, neist de maatregels fan út it regear ús ynwenners ekstra te stypjen as it om enerzjybesparring giet.
Ek goed te sjen dat der sjoen wurdt nei de tefolle heven OZB yn 2022. Wer werkt wurdt wurde foutsjes makke, dat kin gebeure. Mar foar it vertrouwen yn de oerheid is it goed dat it kolleezje alle moeite docht om san foutsje rjocht te setten.
Ek foar dy pear minsken die misskien krekt ferhûze binne as noch ferhûzje foardat de kompensaasje yn 2023 trochfiert wurdt. Ek al is de útfiering derfan wat yngewikkeld en kostet it de gemeente in pear sinten mear…. It giet om it prinsipe.
Mei it fêststellen fan de begrutting foege we it jild by de plannen, mar dermei bin we der noch net. De plannen mat útfierd wurde en derfoar ha we de wurkmaatskippij nedich. En dêr sit een bytsje ús soarch. Want yn dizze begrutting lêze we ek oer in heech siektefersûm, moeilik ynfulbare fakatueres, in hege wurkdruk en útstroom fan fakkundich personiel troch de oankommende pensioengolf. We hammerje dêrom noch mar wer in kear op de needsaak fan in goed strategysk personielsplan. Op ús fraach wannear dit dan klear wêze sil krige we it antwurd it 1e kwartaal fan 2023.
Moai dat der dan no echt sicht op is. Sûnder alle goeie ynspanningen tekoart te wolle dwaan erfare wy as ChristenUnie no faaks te min gearhing tusken de aksjes en it is elke kear mar wer ôfwachtsjen welke bedragen frege wurde foar nije onderzoeken en extra FTE’s yn de overhead.
We gean der fan út dat dit nije plan ús as ried dan ek mear yn posysje bringe sil, sadat we dit soart fan hap snap oanfragen foar ekstra jild toetse kinne oan it langere termynplan. Want in goeie organisaasje begjint mei in goeie fysje
Hoewol de finansjele takomst noch ûnwis is en de werferdieling fan it gemeentefûns in negatyf begruttingssaldo fan rûm 6 ton yn 2026 sjen lit kin we tagelyk ek konkludearje dat we yn de jierren 2024 en 2025 oardel oant hast 2 miljoen oerskot op de begrutting ha. We begripe fansels wol dat it kolleezje wat romte hâld yn de begrutting omdat der noch in soad plannen yn de pyplieding sitte die noch net as net folledig op jild te setten binne. Tink oan de útfieringsplannen fan Anno mar ek de nije omjouwingswet en it opstellen fan de Lokale Inklusieve Aginda. Dêryn komt trouwens ek ús moasje foar in deminsjefreonlike gemeente werom, moai dat ek der sicht komt op de útfoering fan ús foarstel.
Ondanks de ûnsekerheden foar de finansjele posysje nei 2026 sjogge wy mei de ontwikkeling fan de algemiene reserve fan tusken de 21 en 23 miljoen en in blik op de risikoparagrafen fuortdaliks noch gjin bankroet foar dit kolleezje oankommen.
Der fan út geande dat de finansjele risiko’s foar de gemeente goed yn kaart brocht binne sjogge we derby ek in heech weerstandsvermogen.
Derom wolle we it kolleezje oproppe te oerwaagjen wat ekstra ynvesteare yn ús mienskip hjoed ús moarn opleverje kin. Want oan de foarkant ynvestearje besparret soarchkosten oan de efterkant. Ynvestearje no we wis binne dat it noch kin om yn de takomst in goeie basis te ha om eventuele klappen op te fangen.
Mar los fan de kosten en earst en foaral is de ChristenUnie fan miening dat foarkommen fan problemen troch yn te setten op fersterking fan de mienskip better is foar it wolwêzen fan ús ynwenners.
We soene graach sjen dat it kolleezje hjir mei ambysje mei oan de slach gjit en we bin as ChristenUnie ek net te beroerd hjirfoar noch even in foarset te jaan: In oantal punten út ús manifest foar sterke gesinnen soene bygelyks in moaie oanset wêze kinne ta it ûntwikkeljen fan in plus op de visie versterken sociale basis. Mar ek de advizen die de jongerenrie joech by it fêststellen fan de visie yn novimber 2021. Nim dit mei yn de evaluaasje fan de visie yn de earste helte fan 2023.
Persoanlik mat ik derby tinke oan Jeremia 29 en ik jou dit kolleezje der graach in stikje fan mei, net om te preekjen mar ter ynspiraasje:
“Want de bloei van de stad is ook jullie bloei” en “Mijn plan met jullie staat vast: Ik heb jullie geluk voor ogen, niet jullie ongeluk. Ik zal je een hoopvolle toekomst geven”
Foarsitter, ik sei it ek al oan it begjin fan myn bydrage; der gjit net in al te grutte ambysje út fan dizze begrutting. Der mei om ûs wol in toskje by om Achtkarspelen in bytsje mear yn bloei te setten. Gelokkich lies ik fannemoarn it ynterview mei wethâlder Spoelstra yn Ondernemend Netwerk Noord Oost. De kop is “Dit college wil ambities realiseren” En fierderop seit Spoelstra: als wethouder kun je veel betekenen voor de mienskip. Je volledig inzetten voor de gemeente en haar inwoners, beleid maken en zaken voor elkaar krijgen. Dat stelt my wol in lyts bytsje gerêst. We hâlde de wethâlder deroan!
Oan it eintsje fan it beslút sille wy as ChristenUnie derom ek ynstimme mei dizze begrutting yn it betrouwen dat it kolleezje ús soarch en oanbefellings meinimt nei de takomst om de ambitie foar in bloeiende gemeente wier te meitsjen.
Een Nederlandse versie van deze bijdrage kunt u hieronder downloaden