Mobiliteitsbureau
De ynstek fan de ChristenUnie is in konstruktief krityske en posityve bydrage yn de ried te leverjen. Ik soe dus in moai ferhaal hâlde kinne oer de finansjele risseltaten en de goeie risseltaten fan de klanttevredenheidsûndersieken. Die binnen gewoan goed en ek dat mei sein wurde. Mar der falle ek oare saken op yn de stikken fan it mobiliteitsbureau die meitsje dat wy grutte moeite ha om it hjoed posityf te hâlden. De fraach die we ús derby stelt ha is: had it sin om die negatyfe saken te beneamen? Kin wy der wat oan feroarje? En yn dit gefal is it antwurd nee. Dêrom wolle weit hjir graach beneame wer it ferfelende sentiment omtrint it mobilitetisbureau no eins wei komt.
yn de riedsgearkomst fan april 2023 hawwe wy in moasje ynstjinne mei stipe fan de FNP, it GBA en de PVV oer de útwreiding fan Jobinder. Dizze ried hat him unaniem útsprutsen tsjin in útwreiding fan ferfierssoarten dy bûten de ferantwurdlikheid fan de gemeente leit. Fansels mei útsûndering fan provinsjale taken hjirien want ek de provinsje is dielnmimmer oan dizze GR en hat deryn ek har eigen mandaat. Wy hawwe us dermei politiek dúdlik útsprutsen dat wy net wolle dat we as oerheid op de stoel fan ûndernimmers sitten gean en de markt as it ware oernimme. En dermei sels yn konkurint foar de ûndernimmers wurde die ek ús ferfier útfiere matte. De dûbelsinnigens hjiryn is tekenjend foar de wurkwiize fan it Mobiliteitsbureau.
Destieds wiene wy en ek dizze ried ûnwittend oer it feit dat der al per jannewaris 2023 in pilot dien waard mei sittend sykeferfier. Dúdlik in ferfierssoart dy net financiert wurdt fanút de gemeente as provinsje. We hawwe it nog efkes neisocht yn de stikken mar koene it net werom fine. We kinne it lêze yn de stikken fan dizze riedsgearkomste yn it programmaplan. Per 1 jannewaris 2023 wurdt der dus al sittend sykeferfier ryden troch Jobinder en dit is ûndanks de oannommen moasje ek útwreide per 1 jannewaris 2024 mei alle sittend sykeferfier yn de regio fan Jobinder. Derby is it opmerkerklik dat it mobiliteitsbureau yn it folgjende agendapunt yn de algemene toelichting skriuwt dat de feroaring fan in passyve informatieplicht nei in aktyve informatieplicht niks nijs is foar it mobiliteitsbureau, dat wie al regele yn de GR. Dan hiene wy ferwachte dat sy ús ek aktyf ynformearre hienen oer it feit dat it mobiliteitsbureau al sittend sykeferfier ried doe de moasje oer útwreiding yn dizze ried oannaam is. Sterker nog; nei oanlieding fan de moasje lêze we yn de visie jobinder 2.0 in sin yn de visie die suggereart dat jobinder inderdaad alinne útbreide sil mei ferfiersfoarmen wêrfoar de gemeente finansjeel ferantwurdlik is.
Wy konkludearje dat ondanks dat ús wethalder de moasje serieus ynbrocht hat by it mobiliteitsbureau, dat it mobiliteitsbureau de soarchen wol tusken neus en lippen beneamt mar desondanks har plannen en sin trochset en derfoar hiel handich gebrûk makket fan salamitaktieken. Net alinne wurde we net aktyf en net klip en klear ynformearre, de al rinnende pilot sykeferfier wurdt ondanks us ynbreng gewoan útbreide.
Dat fyne wy spitich want it bevestigt dat us soarchen oer de wurkwize fan it mobiliteitsbureau terjochte binne en hoe weinig serieus we naam wurde as ried en dielnimmer yn dizze GR. De ynfloed die gemeenten hawwe yn gemienskiplike regelingen is bizar leech. En sa fielt it überhaupt behanneljen fan dit ûnderwerp sinleas. Want kin we dêr oan feroarje? In moasje fan wantrouwen tsjin it mobiliteitsbureau kin net en de wethâlder kin wy neat kwea ôf nimme want hy hat syn wurk immers dyn. Oanstjoere op úttrede út dizze regeling? Dat kin we de organisaasje die takommend jier wer selstannich op de been mat yn dizze finansjeel ûnwissiche tiden ek net oandwaan. Dus wat bliuwt der oer? Krekt ……neat wat seaden oan de dyk set, we steane machteleas. It ienichste wat foar no billik liket is de wethalder freegje sa folle as mooglik de vinger oan de pols te halden yn it bestjoer fan it mobiliteitsbureau en de stânpunten fan Achtkarspelen dúdlik út besykje te dragen. Dat fertrou ik him grif ta, mar ik bin bang dat ek hy in roppende yn de woestijn is fan it mobiliteitsbureau.
Wy hawwe út protest tsjin de wurkwize fan it mobiliteitsbureau tsjin de stikken oer it mobiliteitsbureau stimt. Hoe sinleas ek.