
Jierstikken 2024
Foar ús leit de jierrekken fan 2024. Gewoanwei analyseare wy dy kritysk, mar dizze kear sil ik de sifers net neame útsein it positive risseltaat fan rûm 5 miljoen en hoe dy ta stân kaam is. We ha wat minder útjûn as begrutte en wat mear ynkomsten as begrutte. Mei namme op dy ynkomsten falt net te stjoeren sa lang it Ryk alle kearen wer ynsidinteel mei jild oer de brêge komt. It liket sa moai rûm fiif miljoen oer. In soad jild mar mearjierrich bin de soargen net fuort. Mei ynsidinteel kinne jo neat opbouwe foar de lange termyn, want jo witte fan te foaren net as jo it langjierrich finansiere kinne. Dêr falt gjin fatsoenlik belied op te meitsjen.
Mar as ChristenUnie hawwe wy dizze kear mear noed oer hoe dizze jierrekken ta stân kaam is.
Ik kealle swier dizze kear mei it gearstallen fan de jierrekken. De kontrôlekommisje hat sels op it lêste momint twa kear by inoar west om’t de stikken net op ‘e tiid oanlevere wiene om se goed beoardiele te kinnen. Boppedat wiene de stikken ek by lange nei net kompleet.
De skieding mei ús buorgemeente Tytsjerkstradiel hat in grut beslach lein op de organisaasje. Troch grut ferrin fan personiel mat ek de ôfdieling finânsjes harsels op ‘e nij út fine. De accountant jout ek oan dat it in muoisum trajekt wie om de jierrekken te kontrolearjen troch de kwaliteit fan de oanlevere stikken en it ûntbrekken fan stikken. De kontrôle hat ek liede ta een grut tal fan korreksjes. Dat fine wy as ChristenUnie soarchlik. De accountant advisearet ek net foar neat dat we it kommende jier stevich te ynvestearjen yn de P&C cyclus. Ûnderwilens is it jier alwer hast 7 moanne ûnderweis. Hoe is der ûnderwilens ynvesteare yn de P&C cyclus? Wat docht de organisaasjes deroan om oan goed kwalifisearre personiel te kommen en hoe gean we ús ynterne kontrôle oanskerpjen? Mar foaral ek wat hat it kolleezje en de organisaasje fan de ried nedich om te kommen ta in stevige basis op finânsjes? As ChristenUnie fine wy it tige wichtich dat we finansjeel yn kontrôle binne en wy binne dêrom ek ree beskikber te stellen wat der nedich is om dizze organisaasje goed del te setten. It personiel fertsjinnet goeie begelieding om op fleanhichte te kommen. Wy tinke hjirby ûnder oaren oan de tydlike ynhier fan bygelyks in accountant mei romme ûnderfining yn it iepenbier bestjoer en it gearstallen fan jierrekkens fan gemeenten.
Alles mei inoar fertsjinnet de organisaasje dochs in komplemint. It is ûndanks alles dochs slagge om de jierrekken op ‘e tiid by de provinsje te krijen. En dat ek noch mei in goedkarrende ferklearring fan de accountant.