Nota Frysk taalbelied
Mei nocht en wille haw ik yn dizze nota Frysk taalbelied de plannen fan de gemeente lêzen om it Frysk noch mear te stimulearjen yn ús gemeente. It begjint fuort goed mei in prachtich gedicht fan ús wâldsjonger Marcel Smit. Allerearst derfoar grutte kompliminten.
Yn it algemien is der yn dize nota op alle mooglike terreinen neitocht op hokker wize de Fryske taal stimuleare wurde kin. Fan it konsultaasjeburo oant it bedriuwslibben en fan skoallen oant kultuer en media. Der komme ferskate ideeën nei foaren wer we as fraksje efter stean en bliid fan wurde. Goed ek om te sjen dat de ideeën fan de jongerenried opnaam binnen. Ek kinne we ús goed foarstelle dat de pear oerkes yn de wike dy beskikber wiene foar it taalbelied te min binne en der in oanfraach is foar útwreiding fan de beskikbare oeren
Wol fine wy it opfallend dat fan de meiwurkers fan ús gemeente mar 70% it Frysk sprekt en 18% hielendal gjin Frysk praat. Mei de folgjende sin yn it taalbelied en ik siteer: Yn har foarbyldfunksje sille de gemeenten wat it Frysk oanbelanget inisjearjend en stimulearjend wêze. Soe dat persintaazje wat ús oanbelanget wol wat omleech kinne. It útgongspunt dat meiwurkers foar safier mooglik werom prate yn de taal dy’t de ynwenner brûkt is prachtich mar as hast 1 op de 5 meiwurkers it Frysk net sprekt neffens us net hielendal wier te meitsjen. Alle jierren krijt it personiel de mooglikheid om ferskate kursussen Frysk te folgjen lêze we yn de nota. De ôfrûne jierren ha der yn trochsnee 11 meiwurkers it jier in kursus Frysk folge, we dage de portefeuillehâlder derom út dat hy op ludike wize de net Frysk sprekkende meiwurkers stimulearje sil mei nammen de kursus praat mar Frysk bemanne sil. We heare graach of de portefeuillehâlder de útdaging oan giet.
Fierder wolle we der op oantreaune maksimaal gebrûk te meitsje fan provinsjale subsidies. Set se yn wer mooglik foar de útfiering fan dizze nota. Want yn de hjoeddeistige finansjele omstannichheden lizze de ús prioriteiten op oare terreinen lykas it earmoede belied as de soarch. Mar derfan wurdt al oanjûn dat eventuele ekstra kosten foar dit taalbelied wer oan de ried foarlein wurde. Yn dizze gefallen sille we der kritysk nei sjen en kinne we hjoed ynstimme mei dit stik